"Iepenbiere oanbesteging Ljouwert net neffens de regels"

30 maaie 2016 - 14:54

De gemeente Ljouwert hat by iepenbiere oanbestegings nei alle gedachten jierrenlang yn striid mei de regels hannele. Dat seit fraksjefoarsitter Hilde Tjeerdema fan D66 yn de Ljouwerter gemeenteried. De partij hat dêr in soad klachten oer krigen. Nei oanlieding dêrfan hat D66 boargemaster en wethâlders om opheldering frege.

Tjeerdema is der noch it meast fan skrokken dat de gemeente Ljouwert nutsbedriuwen by grûnwurk yn de stêd jierrenlang ferteld hawwe soe hokker oannimmer se dêrfoar ynskeakelje moasten.

"Dat is neffens my yn striid mei de regels. Oare bedriuwen krije sa gjin earlike kâns.", seit Tjeerdema. De gong fan saken by de oanbestegings joech de yndruk fan 'freontsjespolityk', mar D66 hat oant no ta gjin bewiis dat in amtner of in bestjoerder der ek persoanlik fan profitearre hat.

Tjeerdema hat earder de yndruk dat yn it ferline net genôch kontrôle wie op de oanbestegingsprosedueres. De earste klachten oer de oanbestegingsprosedueres datearje út it jier 2011. De proseduere is yn 2014 oanpast.

Lykas D66 fynt ek de VVD dat der yngreven ûndersyk komme moat nei de oanbestegingsprosedueres by de gemeente. De VVD is teloarsteld yn de reaksje fan it kolleezje fan b. en w. op de rapporten oer de oanbestegingsproseduere. Neffens it kolleezje fan b. en w. soe ferfolchûndersyk net nedich wêze. De VVD is it dêr prinsipieel net mei iens. "It giet om in goede besteging fan oerheidsjild en om earlike konkurrinsje. Der mei by de boarger gjin twivel oer bestean dat de oanbesteging en ynkeap by de gemeente Ljouwert net earlik giet", seit gemeenteriedslid Harry Bevers fan de VVD.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)