FIDEO: Flylanner befrijt seehûn fan fisknet

30 maaie 2016 - 14:20
  • Seehûn

Dirk Bruin fan Flylân is in held. Alteast, dat fine de bern mei wa't de Flylanner dit wykein op seehûnetocht wie by de Flyhors. Bruin is skipper fan ien fan de trije rûnfeartboaten foar robbentochten. Hy wie op 'en paad mei in groep skoallebern, doe 't se in seehûn seagen dy't fêstsiet yn in net.

Op in filmke op Facebook is te sjen hoe't Bruin yn T-shirt en broek it kâlde wetter yn springt om de seehûn te helpen.

Bruin rint troch it kâlde seewetter nei de seehûn ta en slagget der nei wat gewraksel yn it bist wer los te krijen. ''Hij hapte wel naar me, maar toen de zeehond zich omdraaide, gleed het visnet zo van zijn rug. Gelukkig.'' De bern op it ekskurzjeskip De Geus joele en applaudissearje as de seehûn wer frij is.

Bruin komt ek wol ris bisten tsjin dy it minder troffen hawwe. ''Soms zijn netten helemaal door de speklaag en door spierweefsel heen gesneden. Laatst zag ik nog een vishaak in een zeehond en een plastic ring die helemaal de nek ingedrongen was. Die spullen worden in de visserij gebruikt. Het is zo zonde dat ze in de zee gedumpt worden. Je schaadt er zoveel dieren mee.''

Bruin hie alle drokte oer syn optreden net ferwachte. It filmke waard omraak besjoen op de sosjale media. Moandeitejûn is der ek omtinken foar yn it NOS Jeugdjournaal. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)