Fries sammelet gemiddeld fiif kilo oan elektroanysk ôffal

© ANP
Friezen hawwe yn 2015 mear as fiif kilo oan âlde elektryske apparaten ynlevere by Wecycle. Om krekt te wêzen giet it om 5,4 kilo de ynwenner. Yn heel Nederlân leit dit sifer mei 4,6 leger. Fryslân stiet yn de top 3 fan Nederlân as it giet om it ynsammeljen fan elektroanysk ôffal.
As it útsplitst wurdt per gemeente docht Eaststellingwerf it mei 7,9 kilo de ynwenner it bêste.