Wurkstraf foar 28-jierrige Akkrumer nei mishanneling

30 maaie 2016 - 13:48

In 28-jierrige man út Akkrum hat 240 oeren wurkstraf oplein krigen foar it besykjen ta swiere mishanneling en fernielerij. Dêrnjonken hat er in selstraf fan 4 moanne ûnder betingst oplein krigen, en moat er it slachtoffer sa'n 5000 euro betelje. De man hat yn septimber de nije freon fan syn eks mishannele. Hy hearde dat syn eks in relaasje oppakt hie mei in bekende fan him, en gie op syk nei it stel.

Yn Drachten trape de man de doar fan de wenning yn en trof er it pear neaken yn bêd. De Akkrumer docht oan fjochtsporten en skopte en sloech syn rivaal bûn en blau. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)