Fangstbeheinings foar garnalefiskers fanwege tekoart

Fan moandei ôf meie garnalefiskers maksimaal 72 oeren yn 'e wike de see op om garnalen te fiskjen. Reden derfoar is dat der te min garnalen binne en dat de sektor in sertifikaat ynfiere wol. Krekt lykas by tonyn en kabbeljau moat dat sertifikaat oanjaan dat der duorsum garnalen fongen wurde. It is foar it earst dat Nederlân, Dútslân en Denemarken dit ôfpraat ha. De maatregel duorret foarearst twa wiken.
Der wurdt al jierren praat oer sa'n duorsumenssertifikaat. Mar oant no ta wie der noch net genôch wittenskiplik ûndersyk nei de garnalestân. De fiskers stean efter de fangstbeheining. Wa't him der net oan hâldt kin in boete krije of útsletten wurde fan it sertifikaat.