Fryske Wike by it Marne College yn Boalsert

30 maaie 2016 - 12:39

De brêgeklassers fan it Marne Kolleezje yn Boalsert kinne dizze wike net om it Frysk hinne. Sy krije in wike lang les oer alles wat mei Frysk en Fryslân te krijen hat. De skoalle hat in spesjale Fryske Wike ynsteld foar de earste klassen. De learlingen wurde folslein ûnder dompele yn de Fryske taal en kultuer. It gewoane roaster wurdt in wike lang oan kant lein, en alles stiet yn it ramt fan it Frysk.

Yn de moarnsoeren folgje de learlingen programma's oer de Fryske taal, ierdrykskunde, sport en skiednis

Middeis binne der alderhande aktiviteiten yn de foarm fan workshops, ekskurzjes en fjildwurkopdrachten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)