Studinten betinke mobyl kuolsysteem foar Kenia

30 maaie 2016 - 12:03

Fryske studinten fan de NHL hawwe in mobyl kuolsysteem op sinne-enerzjy betocht om it bedjerren fan molke tsjin te gean. De studinten hawwe de útfining betocht foar de Maasai yn Kenia. De trije studinten Stan Borns, Tjalling Werkman en Jildou Jellema binne yn septimber ferline jier úteinset mei harren ûndersyk en de ûntwikkeling fan it kuolsysteem. Se dienen dit yn it ramt fan de minor oplieding Frisian Design Factory.

De studinten hawwe ek nei Afrika west om it apparaat yn de praktyk te testen. De opdracht foar it kuolsysteem komt fan Solar S3C. Dat is in sosjale ûndernimming dy't him ynset foar duorsume oplossingen yn de plattelânsregio's yn Afrika.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)