Alde fargeul Schuitegat is wer op djipte

30 maaie 2016 - 10:01

It Schuitegat, de âlde fargeul tusken Harns en Skylge, is wer op djipte. Ut nije mjittings docht bliken dat de slinke no mear as twa en in heale meter djip is. Dêrom komme der moandei wer reade en griene boeien yn it wetter. Silers en oare boatsjesminsken hoege net mear om te farren as se fan Harns nei Skylge wolle.

Wa't de ôfrûne jierren mei leech wetter de rûte oer de Waadsee farre woe, koe mar kwealik troch it Schuitegat. Boatsjeminsken moasten omfarre. Der leinen giele boeien yn it Schuitegat, wat betsjut dat it bysûnder farwetter is, dêr't mar beheind fearn wurde kin.

Trefwurden: 
Schuitegat Waadsee
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)