Kollum: ''Badr as bûnscoach''

Nynke van der Zee fan Aldegea (Smellingerlân) is freelance-tekstskriuwer en ek wurket sy geregeld as buroredakteur op de redaksje fan Omrop Fryslân. Nynke skriuwt kollums sa’t sy sels is: nuchter, mar eins altyd mei in knypeach. Se is te folgjen op har webside www.nynketxt.nl.
''Wy waarden dit wykein traktearre op in prachtich sportwykein. Yn elk gefal: wat de sportprestaasjes fan de froulju oanbelanget dan. It wie in foarpriuwke fan wat wy dizze simmer oan Nederlânske sukses ferwachtsje meie. Marit Bouwmeester pakte de winst by de Delta Lloyd Regatta, Dafne Schippers joech har fisitekaartsje ôf by de Diamond League en Kiki Bertens bikkele har in ronde fierder by Roland Garros. Dizze simmer kleurje de grutte sporteveneminten Oranje is myn foarsizzing. No ja, behalve dan it EK fuotbal fansels.
Begjin oer it EK en Oranjefans moatte de triennen fuort slikke omdat we dit jier net meidogge. In echte fuotbalfan kin wol janke. Sjoch, en dêr leit no krekt it probleem. Fuotballers binne suertsjes wurden. Mannen dy’t by in tackle trije kear in salto meitsje, mei hannen en fuotten swaaie om dêrnei as in dea fûgeltsje stiif inoar te krûpen fan de pine. Pas as de skiedsrjochter in giele kaart lutsen hat foar de tsjinstanner, stiet it deade fûgeltsje op mirakuleuze wize wer op en draaft as in ljip troch it fjild. As sjochst nei in B-film fan Jackie Chan, sa min is it aktearwurk.
Ik stoar my oan de toanielstikjes by in saneamde blessuere. Fuotballers dy’t harsels as in puberjende pjut ta ierde stoarte litte, wylst se nei harren ankel, knibbel of holle gripe. It liket as fergiet de wrâld. Mar noch gjin twa minuten letter fleant dyselde spiler wer oer it fjild as wie der neat bart. Ik kin der net oer. Sokke mega weake aaien binne it, dy fuotballers.
Wol it mei ús Oranjemannen noch wer ris wat wurde, dan moat der heech nedich wat feroarje. Der is mar ien goeie remedy tsjin dizze oanstellerij. Us Oranjemannen moatte op trainingskamp mei de Hollânske hurdfytsmanlju. Want as der ien sport is dêr’t noch echte bikkels aktyf binne, dan is it wol it hurdfytsen.
Goed foarbyld ôfrûne wike wie fansels hurdfytser Steven Kruijswijk. Nei’t de einsege yn de Giro him hast net mear ûntglûpe koe, torpedearre Steven himsels freedtemiddei yn in twa meter hege sniedún. Hiel Nederlân seach de tragedy live op telefyzje. Fuort rôze liederstrui en fuort dream foar de earste Hollânske Giro einoerwinning.
Mar seagen wy in gûlende Steven Kruijswijk? In man dy’t nei’t er in salto makke hie as in dea fûgeltsje op de grûn lizzen bleau? Nee. Steven fleach oer de kop, mar stie al wer oerein foardat er it asfalt ek mar rekke hie. Hup, sadel en stjoer rjocht bûge en ‘gaan met die banaan’. Yn it sikehûs die letter bliken dat er in rib brutsen hie. Mar stikken of net stikken, Steven stapte de folgjende dei gewoan wer op syn fyts en waard dêrmei ús nasjonale held.
Sjoch, en dy helden ha wy ek nedich yn it fuotbal. It wurdt tiid foar in âlderwetske kursus bikkeljen. Net fan dat weake geëamel, mar op ‘e tosken bite en trochsette. Net langer akteare mar presteare. En der moat boppedat ek in nije bûnscoach komme. Danny Blind sil in prima fint wêze, mar fierstente softy.
Ik stel foar dat Badr Hari fan hjoed ôf de lieding kriget oer Oranje. Dizze fjoerfretter soarget foar nije enerzjy en fielt him boppedat al aardich thús yn de Amsterdam ArenA. En as der ien is dy’t wit wat in fechtersmentaliteit is, dan is it Badr wol. Dus Oranjefans: der is hoop. Noch efkes folhâlde dizze simmer. Of sa’t Badr altyd seit: “We slaan ons er wel doorheen.”