Ljouwerter rydt fierstente hurd: rydbewiis kwyt

© ANP
De plysje hat snein op 'e A31 tusken Frjentsjer en Harns it rydbewiis ôfnaam fan in 33-jierrige Ljouwerter. De man ried fierstente hurd: gemiddeld 204 kilometer dêr't 130 tastien is. De plysje hat de Ljouwerter stoppe en syn rydbewiis is ynfoardere.
In oare bestjoerder ried op itselde trajekt ek te hurd, hy krige foar syn oertrêding in bekeuring.