Danny Noppert nei kwartfinale fan BDO World Trophy

Danny Noppert © Omrop Fryslân, Mats Gies
Danny Noppert fan De Jouwer hat him sneintejûn pleatst foar de kwartfinales fan it BDO World Trophy darttoernoai yn Engelân. De 25-jierrige darter wûn yn syn earste wedstriid fan Japanner Seigo Asada mei 6-3. Dêrnei fersloech er yn in spannende twadde ronde Scott Mitchell, de wrâldkampioen fan 2015. Noppert wie mei 7-5 te sterk foar de Ingelskman.
Moandeitemiddei spilet Noppert yn 'e kwartfinale fan it telefyzjetoernoai tsjin Dean Reynolds. Foar de winner fan it toernoai yn de ferneamde Lakeside Country Club leit in jildpriis klear fan 20.000 Ingelske pûnen.