Landgoed Rijs yn Riis lit polofjild oanlizze

Polo
Der komt in fjild om de sport polo te beoefenjen yn Riis. Polo is in balsport mei twa teams dy't op it hynder sitte. De sport is benammen bekend wurden troch de Ingelske keninklike famylje.
It polofjild is 270 by 160 meter. It nije fjild komt te lizzen by de lúkse fakânsjepleats Landgoed Rijs. Oer in pear wike, op 15 juny, set de oanlis útein. It polofjild moat op 10 septimber klear wêze. Dan begjint de alderearste wedstiid om de Frisian Polo Trophy.