Stekpartij yn Ljouwert, ien persoan ferwûne

29 maaie 2016 - 22:17

By in stekpartij oan de Ubbo Emmiusleane yn Ljouwert is sneintejûn ien persoan ferwûne rekke. De persoan is sels nei it sikehûs ta gien, dêr't er behannele waard. Der is in fertochte oanhâlden. Wat de oanlieding fan de stekpartij west hat, is noch net bekend. Nei alle gedachten binne de ferwûningen net libbensbedriigjend.

De fertochte wurdt letter fan 'e wike foarlaat oan de rjochter-kommissaris.

Trefwurden: 
stekpartij Ljouwert stekkerij
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)