Is de Fryske taal wier wol sa sterk as wy tinke?

29 maaie 2016 - 21:22

Brûke jonge bern it Frysk noch. Dat is de sintrale fraach op in stúdzjemiddei yn Tresoar op freed 10 juny. Dr. Geert Driessen fan de Universiteit fan Nijmegen komt dan nei Ljouwert ta.

Driessen docht al jierrenlang ûndersyk nei de posysje fan de Fryske taal, fan streektalen en dialekten. Faak wurdt sein dat it Frysk in sterke taal is, omdat dy tsjin de ferwachtings yn hieltyd wer oerlibbet. Mar is it Frysk wier wol sa sterk? Driessen ferliket op de stúdzjemiddei de resultaten fan in ûndersyk út 2014 mei in selde ûndersyk út 1994.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)