Metersheech houten byld ûntbleate yn Oentsjerk

De Muse, oftewol de harpspiler stiet foar de ferbining tusken de ierde en de himel © Patrick Visser
Wethâlder Houkje Rypstra hat ôfrûne wykein in byld ûntbleate yn Oentsjerk. Oan de trochgeande dyk nei Dokkum, de Lauwersmarwei, stiet by de yngong fan Stania State in grut houten byld. Te sjen is in harpspiler. It byld is makke troch keunstner Oene van der Veen út Gytsjerk.
It metershege byld hjit offisjeel De Muse. It symbolisearret de ferbining tusken himel en ierde. It stiet ek foar de muzyk fan de Wâlden, fan rûzjend beamtegrien oant folkmuzikanten.
Keunstner Oene van der Veen hat syn atelier yn it âld molkfabryk yn Gytsjerk. Hy hat sels ûndersocht oft de doarpen it byld wol hawwe woene en dy reagearren posityf.