Auto fljocht spontaan yn de brân op A7

De brânwacht fan De Jouwer by de baarnende auto op de A7 © Jaring Rispens, Camjo Media
Op de A7 fan De Jouwer rjochting It Hearrenfean is snein oan it begjin fan de jûn in auto yn 'e brân flein. Der kaam earst reek ûnder de motorkap wei. Dêrom setten de ynsittende man en frou de auto by de ôfslach Aldehaske oan 'e kant. Se fregen de Wegenwacht om help. Doe't it slimmer waard en de flammen út de auto wei sloegen, bellen oare automobilisten de plysje. De brânwacht fan De Jouwer hat de brân útmakke.
De ynsittenden koene de karre noch achter de auto weihelje en guod út de auto helje foardat de brân echt grut waard.
Troch de autobrân ûntstie der in file.