Gert-Anne van der Bos-en-dy winne keatserij yn Doanjum

29 maaie 2016 - 18:15

It partuer fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger hat snein it haadklassekeatsen yn Doanjum wûn. Se wiene yn de finale mei 5 om 'e 4 en 6-4 te sterk foar Menno van Zwieten, Pier Piersma en Sjoerd de Jong.

It wie de sechde kear dat Gert-Anne van der Bos wûn yn Doanjum. Foar syn partuer wie it de twadde oerwinning fan dit seizoen. Tredde yn Doanjum waarden Johan van der Meulen, Hylke Bruinsma en Hendrik Kootstra. Daniël Iseger waard útroppen ta kening fan de partij.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)