UPDATE: Akkordeon skûtsjekommentator Gjalt de Jong stellen

Muzikant en skûtsjesylkommentator Gjalt de Jong is syn lûkpûde kwyt. Dat meldt er op Facebook. It ynstrumint lei yn syn auto. Hy hie der freedtejûn noch op spile. Doe't er him der wer út helje soe, wie de akkordeon poater.
De Jong tinkt dat syn akkordeon stellen is. Hy freget minsken dy't syn lûkpûde sjoen hawwe, him in berjochtsje te stjoeren. De lûkpûde is fan it merk Saltarelle GC.
UPDATE: Gjalt hat syn akkordeon werom. Hy is weromfûn ûnder in beam.