Kuorballers LDODK slute seizoen ôf mei winst yn Amsterdam

LDODK © Omrop Fryslân
LDODK hat de lêste wedstriid fan it seizoen wûn fan AW/DTV. Nei in rêststân fan 16-16 pakte de ploech fan coach Erik Wolsink yn 'e slotsekonden de folle winst yn Amsterdam troch in treffer fan topskoarder André Zwart: 25-26.
Troch dat resultaat einigen de Gordyksters op it tredde plak yn de eareklasse A. Dat is ien plak te leech foar de play-offs om de lânstitel. Dy striid giet tusken Fortuna, Blau Wyt, PKC en TOP.