Cricket nei 133 jier offisjeel werom yn Ljouwert

29 maaie 2016 - 15:23
  • Cricket nei 133 jier offisjeel werom yn Ljouwert

Nei 133 jier is yn Ljouwert wer in offisjele cricketwedstriid spile. Op it fjild fan fuotbalklup LAC Frisia spile de Cricket Club Friesland in thúswedstriid tsjin MCC Hengelo.

Cricket is in lytse sport yn Fryslân. Op it stuit binne der krekt tritich leden. It giet foar it grutste part om bûtenlanners dy't hjir wurkje of studearje. Yn 2010 is de klup nij libben ynblaasd. De earste wedstriden waarden spile op de fuotbalfjilden fan Jobbegea. Om't Ljouwert krekt wat sintraler leit is keazen om te ferhúzjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)