Man (24) oanhâlden foar brânstichting yn studintehûs

29 maaie 2016 - 12:56
  • De studinten wachtsje bûtendoar foardat se it hûs wer yn kinne

De plysje hat freedtemoarn in man (24) út Ljouwert oanholden op fertinking fan brânstichting. Hy soe brân makke hawwe yn in studintehûs oan de Sudergrêftswâl yn de stêd. De plysje begûn it ûndersyk nei oanlieding fan twa brannen ôfrûne tongersdeitejûn en -nacht yn it studintehûs. Beide kearen wie de skea beheind troch rap hanneljen fan bewenners en brânwacht.

Ut it ûndersyk kaam de 24-jierrige Ljouwerter as fertochte yn byld. Hy sit fêst en wurdt moandei foarlaat oan de rjochter-kommissaris.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)