Plysje kontrolearret fûgelhâlders Noardeast-Fryslân

© ANP
De plysje hat sneon op ferskate plakken yn Noardeast-Fryslân kontrôles holden by fûgelhâlders. Dat barde yn gearwurking mei Steatsboskbehear, de Fryske Utfieringstsjinst Miljeu, it Iepenbier Ministearje, de Voedsel- en Warenautoriteit en de provinsje Grinslân.
Tsjin fjouwer fûgelhâlders is proses-ferbaal opmakke. De kontrôles wiene op tweintich lokaasjes yn Holwert, Twizelerheide, De Westereen, Westergeast, Garyp, De Trieme, Damwâld, Wâlterswâld, De Houtigehage en Oldekerk yn Grinslân.
Der waard kontrolearre op de regels yn de Floara- en Faunawet. Der binne boetes útdield foar ferkeard oanbrochte poatringen, it hawwen fan net-ringe deade fûgels sûnder dêrfoar in ferklearring te hawwen, it klear stean hawwen fan in fal foar krieën, it yn besit hawwen fan in ferbean klapnet en it hawwen fan in opsette iisfûgel sûnder in ferplicht plaatsje fan in preparateur.
De ferbeane fangmiddelen binne yn beslach naam. Ek in protter en in patrys binne yn beslach naam, omdat dy net goed ringe wiene. De plysje wiist derop dat de regels yn de Floara- en Faunawet de fûgels beskermje moatte en dat der dêrom op kontrolearre wurdt en optreden wurdt tsjin oertredings.