Plysje Hearrenfean hellet drankriders fan de dyk

Plysje Hearrenfean trappearret drankrider © Twitter/Plysje Hearrenfean
De plysje op It Hearrenfean hat yn de nacht fan sneon op snein twa drankriders fan de dyk helle. Om healwei twaën waard in man oanhâlden op de Dimpte Molewyk. Hy waard meinommen nei it plysjeburo. Dêr waard 1020 ug/l konstatearre.
In oere letter waard in rydbewiis ynfoardere op de Hearewâl. Dêr moast in begjinnende bestjoerder blaze. Dy hie ek fierstente folle drank hân. Tsjin de man is proses-ferbaal opmakke.