Brânwacht hellet jonges fan sylboat by Smelle Ie

De brânwachtboat fan Grou helle de silers op © De Vries Media
Twa jonges binne sneontejûn let troch de brânwacht fan harren sylboat rêden. De jonges giene sneon nei it jûnsiten it wetter op mei harren boat. Mar doe't de motor útfoel waard de boat ûnbestjoerber. Dat barde op it Smeliester Sân by Smelle Ie.
De brânwachtboat fan de brânwacht yn Grou hat de boat lang om let nei de haven fan Drachten sleept. De jonges sieten doe al twa oeren op de stjoerlease sylboat. Se holden neat oan dit sylaventoer oer.