Milan en Patrick nominearre foar jonge ûndernimmers 2016

28 maaie 2016 - 22:58
  • Milan en Patrick van der Meulen

Milan en Patrick van der Meulen út Ljouwert binne troch it tydskrift Sprout nominearre foar bêste ûndernimmer ûnder de 25 jier. De beide bruorren hawwe in bedriuw foar sinne-enerzjy: Enie.nl.

Ferline jier hat Milan yn Miami in masterclass fan Al Gore bywenne. De eardere vice-presidint fan de Feriene Steaten fan Amearika is no mei it klimaat dwaande. Mei de film An Unconvenient Thruth warskôget er foar de opwaarming fan de ierde. De bruorren jouwe sûnt dy tiid ek presintaasjes oer klimaatferoarings. Sprout is in ûndernimmersnetwurk.

De bruorren wiene ferline jier te gast yn Bynt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)