Delta Lloyd tekenet foar fjouwer jier by as hurdsylsponsor

Marit Bouwmeester © Jasper van Staveren
Sponsor Delta Lloyd fan de Fryske sylster Marit Bouwmeester hat bytekene foar fjouwer jier. Oant de Olympyske Spelen yn Tokio yn 2020 sille de fersekerder en it wettersportbûn de krêften bondelje. De ûndertekening wie sneon yn Medemblik by de regatta.
It Team Delta Lloyd docht fan ´t simmer mei oan de Olympyske Spelen yn it Braziliaanske Rio de Janeiro. Yn it Team Delta Lloyd sitte de bêste silers fan Nederlân. Marit Bouwmeester is ien fan harren. De Olympyske Spelen binne fan 5 oant 21 augustus.