Nard Brandsma wint fierljeppen yn It Heidenskip

Nard Brandsma hat sneon yn syn eigen wenplak It Heidenskip it fierljeppen wûn. Brandsma sprong yn de finale fan de topklasse 20.63 meter. Sytse Bokma út Hylpen waard twadde mei in nij persoanlik rekôr fan 20.53 meter. Bokma ljepte ferline jier noch by de junioaren. Tredde waard Oane Galama út Wiuwert mei in ljep fan 20.36 meter.  Bart Helmholt waard teloarstellend 6e mei 18.45 m.
By de froulju wûn Marrit van der Wal fan It Heidenskip mei 16.26 meter. Anneke Broersma út Feanwâlden waard twadde mei in nij pr fan 15.09 meter.
Freark Kramer fan It Heidenskip wûn mei in pr fan 18.96 meter by de junioaren, foar Rutger Piersma fan Molkwar (18.84, ek in PR) Wietse Nauta fan Drylts wûn mei 17.05 meter by de jonges. By de famkes gie der oerwinning nei Sigrid Bokma, it suske fan Sytse Bokma. Sy sette in ôfstân del fan 14.89 meter.
Der waard sneon útsûnderlik goed prestearre op It Heidenskip. Dit is noch mar de tredde wedstriid fan it seizoen en dochs wiene der al seis sprongen oer de 20 meter.