"Roer moat om by NHL om kwaliteit te ferbetterjen"

De Noardlike Hegeskoalle Ljouwert (NHL) kampt al jierren mei in kwaliteitsprobleem. Dat skriuwt it kolleezje fan bestjoer fan de Ljouwerter hegeskoalle yn in ynterne memo dy't útlekt is nei de Ljouwerter Krante. De ûnderwiiskultuer yn de organisaasje is net ynsteld op rappe feroarings, stiet yn it dokumint. It roer moat om. Foarsitter Willem Smink fan it kolleezje fan bestjoer wol de latte heger lizze, seit er.
"Der wurdt hieltyd mear let op hoe't we tsjinoer kollega-skoallen stean. Elk besiket de kwaliteit te ferheegjen.
Studinttefredenheid
De studinten jouwe op dit stuit it sifer 7,5 foar tefredenheid. Mar oaren binne ek omheechgien. As we neat dogge, dan bliuwe we achter by de oaren. Der moat dus mear ambysje yn. En dêrom ha we maatregels oankundige."
Better harkje
"We freegje fan dosinten om studinten mear te belûken by it ûnderwiis. Om faker mei se yn gesprek te gean. Om better te harkjen nei wat harren klachten en opmerkings binne, en hoe't it better kin."
Kantine
"De kwaliteit fan it iten yn de kantine is in punt. En studinten fine ek dat der net genôch stúdzjefasiliteiten binne. It ynternet hie te min kapasiteit. Dat is no oanpast."
Fúzje mei Stenden
De NHL hat plannen om mei de Ljouwerter hegeskoalle Stenden te fusearjen. Yn de earste plannen hie dat yn septimber al moatten, mar dat sil no wol net mear slagje. De meisizzenskipsried fan de NHL bûcht him dêr no oer. "Ik ferwachtsje dat we yn de kommende twa wiken ynstimming krije fan de meisizzenskipsried" seit Smink.