Kuorballers SCO pakke winst yn útwedstriid SFK yn Veenendaal

28 maaie 2016 - 18:31

De kuorballers fan SCO pakten sneon in 22-20 oerwinning op SKF. Yn Veenendaal gong de wedstriid lang lykop. By it skoft stie der in 12-11 foarsprong foar de thúsploech op it boerd. Nei de tee holden beide ploegen inoar op 'e nij knap yn lykwicht. Pas by in stân fan 20-20 wist de ploech fan trainer Aegle Frieswijk it ferskil te meitsjen. Troch treffers fan Britt Rottink en Kim van Dalen pakte SCO de swierbefochten winst.

De Hoeve ferlear mei 20-13 fan Oost Arnhem. Op basis fan it ûnderlinge resultaat is De Hoeve degradeart út de haadklasse.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)