Steenstra-en-dy winne haadklassepartij yn Dokkum

De haadklassekeatspartij trochinoar lotsjen yn Dokkum is sneon in proai wurden foar it favorite partoer fan Tjisse Steenstra, Taeke Triemstra en Daniël Iseger. Yn de finale wie it trijetal mei 5-1 en 6-4 te sterk foar Jan Dirk de Groot, Allard Hoekstra en Hans Wassenaar. Tjisse Steenstra waard yn Dokkum útroppen ta kening.
De lytse preemje wie foar Marten Bergsma, Hendrik Jan van der Velde en Sjoerd de Jong. Sy gongen yn de heale finale mei 5-0 en 6-4 ûnderút tsjin Jan Dirk de Groot-en-dy.