Klopjend Hert: 200 nije helpers om te reanimearjen

De wike fan de hertfeiligens hat twahûndert boargerhelpferlieners opsmiten. Dat is sneon op de slotdei bekend makke. Under it motto 'Klopjend hert foar Fryslân' is fan 'e wike aksjefierd foar mear minsken dy't reanimearje kinne en dy't harren ynsette wolle as boargerhelpferliener. Doel is dat der yn 2018 10.000 frijwilligers binne foar in goed reanimaasjenetwurk yn Fryslân. Op it stuit binne dat der rom seistûzen.
De aksjewike is in gearwurking tusken Omrop Fryslân, de Ljouwerter Krante en it Frysk Deiblêd.