Matthew Steenvoorden fersterket ferdigening SC Cambuur

28 maaie 2016 - 11:58
  • Matthew Steenvoorden

Fuotbalklup SC Cambuur hat der wer in nije ferdigener by. De 23-jierrige sintrale ferdigener Matthew Steenvoorden hat in kontrakt tekene foar twa jier, mei de opsje foar noch in seizoen by de Ljouwerter klup. Steenvoorden stie it ôfrûne jier yn de basis by FC Dordrecht.

Cambuur spilet it kommend jier yn de Jupiler League en besiket om de seleksje rûn te hawwen foardat se begjinne te trainen.

Technysk directeur Henry van der Vegt fan Cambuur is wiis mei de komst fan Steenvoorden: "Met Matthew hebben we een jonge, talentvolle verdediger naar de club gehaald die zich bij ons nog verder kan ontwikkelen. Hij heeft een gedegen opleiding gehad bij Feyenoord en is een voetballende verdediger, met de kwaliteiten om de opbouw te verzorgen."

Freed lei SC Cambuur de 22-jierrige ferdigener Jordy van Deelen fêst foar it nije seizoen

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)