Vintagemerk Holy Stitch yn Blokhúspoarte giet net troch

28 maaie 2016 - 11:29
  • De Blokhúspoarte yn Ljouwert

De fyftjinde edysje fan it evenemint Holy Stitch yn de Ljouwerter Blokhúspoarte giet sneon en snein net troch. Dat meldt de organisaasje op har Facebook-side. Der wiene net genôch standhâlders foar de merk, dy't diskear op it binnenplein fan de âlde finzenis hâlden wurde soe. Mei troch de minne waarsferwachting foar it wykein hat de organisaasje dêrom de beurs foar vintage en twaddehâns klean skrast. Der wurdt noch socht nei in oare datum.

Holy Stitch waard de oare kearen binnendoar yn it sellenblok fan de Blokhúspoarte hâlden, mar dat wurdt op it stuit ferboud.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)