Piratestjoerder Desperado organisearret reüny

Pirateradiostjoerder Desperado yn Bûtenpost organisearret dit wykein nei 34 jier in reüny. Desperado wie in razend populêr piratestasjon yn de jierren '80 en '90. Boargemaster fan Achtkarspelen Gerben Gerbrandy en it partyduo 'De Doelleazen' iepenen de feestlikheden freedtemiddei.
It radiostasjon is al sûnt 1994 net mear aktyf, mar fanwegen de populariteit fan de piratestjoerder wie der by de âld-harkers ferlet fan in reüny.
Spesjaal foar de reüny waard der freedtemoarn in non-stop radio-útstjoering holden, dy't duorret oant snein. Fia de frekwinsje 106.3 FM en online is dizze non-stop útstjoering te belústerjen. Dit wykein fine der op ferskate plakken yn Bûtenpost aktiviteiten plak yn it ramt fan de reüny.