UPDATE: Fjochterij yn kafee op It Hearrenfean

Yn in kafee oan de Gedempte Molenwijk op It Hearrenfean hat freedtenacht in fjochtpartij west. Dêrby binne neffens de plysje meardere ferwûnen fallen. In 19-jierrige frou fan It Hearrenfean moast foar behanneling nei it sikehûs. De plysje hat twa manlju fan It Hearrenfean fan 24 en 40 jier oanhâlden foar de slaanderij.
It is noch net bekend hoefolle minsken der krekt ferwûne rekken en wat de tadracht fan de fjochtpartij wie. Op it momint fan de fjochterij wienen der neffens de plysje tsientallen minsken yn de kroech.
De plysje wol graach yn kontakt komme mei tsjûgen fan de fjochtpartij.