Oftraap fan it Frysk Strjitfestival yn Ljouwert

27 maaie 2016 - 22:15

Nettsjinsteande in koarte tariedingstiid fanwegen ûnwissens oer subsydzje, is de programmearring fan it Frysk Strjitfestival dochs slagge. Freedtejûn wie de ôftraap fan it festival. De provinsje Fryslân hie yn earste ynstânsje oankundige gjin subsydzje te ferlienen foar it Strjitfestival, mar gie healwei maart dochs om lyk en stelde 70.000 euro beskikber.

Neffens Jildou Visser fan de organisaasje wie it dan ek net maklik om yn koarte tiid it skema rûn te krijen. Dochs binne der dit jier ek wer grutte nammen te bewûnderjen, lykas de populêre band Causes. Fanwegen ek nochris it moaie waar, wie de iepening in grutter sukses as de organisaasje in pear moanne lyn ferwachte hie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)