Einepykjes ferdrinke yn fiver by gemeentehûs Sint-Anne
Yn Sint-Anne binne de lêste tiid ferskate einepykjes ferdronken yn de fiver efter it gemeentehûs. Dit ta grut fertriet fan guon doarpsbewenners. De jonge eintsjes kinne de steile kant net op kommen en ferdrinke om't se te wurch wurde.
Ferskate bewenners hawwe by de gemeente oan de bel lutsen om te helpen by in oplossing. Dy hat tasein dat der ynkoarten oer praat wurde sil.