Suvelbedriuw FrieslandCampina ferheget tsiisprizen

It haadkantoar fan FrieslandCampina yn Amersfoort © ANP
FrieslandCampina ferheget de prizen fan tsiis. Neffens it suvelbedriuw wiene de prizen al moannenlang sa leech, dat de produksje ferliesjaand wie. De hegere tsiispriis moat in earste stap wurde nei in hegere molkpriis foar melkfeehâlders. In protte boeren hawwe finansjele problemen om't se molke produsearje ûnder de kostpriis. Foarich jier waard it Europeeske molkkwotum ôfskaft. Hjirtroch ûntstie der in stiging fan in oanbod en waard de priis leger.
FrieslandCampina betelle boeren yn jannewaris 2014 noch 43 euro foar hûndert kilo molke. Dizze moanne is dy saneamde garânsjepriis noch mar 25 euro.
"We signaleren nu de eerste mogelijkheden om de verkoopprijzen van een aantal basiszuivelproducten weer te verhogen", seit operasjoneel direkteur Bas van der Berg yn in taljochting. "De vraag neemt wat toe en het melkaanbod begint te stabiliseren. Ook op de wereldmarkt zijn de eerste tekenen van een kentering zichtbaar."