FNV yn Ljouwert: Is der noch in takomst foar it fakbûn?

27 maaie 2016 - 19:54

Binne jo noch lid fan in fakbûn? Of is it bestean fan in fakbûn net mear fan dizze tiid? Dat binne fragen dy't steld wurde kinne no't der hieltyd mear freelancers en zzp'ers op 'e merk komme. En yn de measte gefallen slute sy harren net oan by in fakbûn. Reden foar it fakbûn FNV om aksje te ûndernimmen. Neist dat der in nije kampanje opset is mei as tema ''Zo werkt Nederland'' om mear leden te krijen, organisearre de FNV freedtemiddei in fakbûnshûs yn Ljouwert.

Spesjaal foar wurknimmers, zzp'ers, ûndernimmers en freelancers. Want neffens Leo Hartveld fan de FNV spilet de fakbûn ek yn de takomst in grutte rol. Neffens him ûnderskatte minsken it wurk wat derby komt te sjen om in zzp'er te wêzen en witte se net altyd likegoed hoe't se opkomme moatte foar harren rjochten.

''Een deel van de zzp'ers denkt dat ze het zelf wel afkunnen, maar als je nou eens gaat kijken naar de bouwvakkers. Hoe zij betaald worden is gewoon onder de maat. En daar heb je een vereniging voor nodig, anders word je uitgespeeld. Al die tijdelijke contracten en tijdelijke projecten en je moet maar zien hoe je het jaar doorkomt'', sa seit Hartveld fan it fakbûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)