Jordy van Deelen nije ferdigener fan SC Cambuur

Jordy van Deelen sit foar it earst yn de seleksje © Dijks Fotografie
SC Cambuur hat Jordy van Deelen fêstlein foar it nije seizoen. De 22-jierrige ferdigener komt transferfrij oer fan FC Emmen. Hy hat in kontrakt tekene foar ien seizoen, mei de opsje foar noch in jier. Van Deelen hat de jeugdoplieding trochrûn by Feyenoord. Hy debutearre yn it betelle fuotbal by Excelsior en hat dêrnei noch by FC Dordrecht en dus yn Emmen spile.
Van Deelen oer syn komst nei Ljouwert: "Cambuur is een mooie club en de ambities spreken me ook enorm aan. Ik kan niet wachten om te beginnen en wil met Cambuur zo snel mogelijk terug naar de eredivisie."