Frysk is hieltyd populêrder as eineksamenfak

27 maaie 2016 - 17:09

It wurdt hieltyd populêrder om it Frysk te kiezen as eineksamenfak. 106 learlingen yn Fryslân dienen hjoed eksamen yn ús twadde rykstaal. Ferline jier wienen dat der noch 85. It Frysk eksamen is net ferplichte, dêrtroch kiest net elkenien it as eksamenfak.

Neffens dosint Frysk Gerrit Hoekstra fan it Ljouwerter Lyseum kieze learlingen it fak faker wannear't it har memmetaal is en kieze se it yn stee fan Dútsk of Frânsk. "Wy binne hiel tefreden. Normaal dogge der ûngefear 15 minsken eksamen by ús, no binne dat der 26", sa seit Hoekstra.

KANDIDATEN EINEKSAMEN FRYSK (VMBO, HAVO en VWO):

2016: 85

2015: 85

2014: 83

2013: 71 

2011: 46

Trefwurden: 
Frysk skoalle eksamen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)