Johan de Jong: Al mear as 40 jier op de radio

29 maaie 2016 - 06:35
  • Johan de Jong fertelt yn it programma Op&Ut
  • Johan de Jong
  • Hjir, op de soulder fan it Drachtster Lyseum, hat ek jierren in hok sitten mei ûlen fan Johan
  • De skûlhutte fan Johan op 12 meter hichte yn de pleats fan Poppinga

Johan de Jong hat al sûnt 1985 in natuerrubryk by ús op de radio. De lêste jierren op sneon yn it programma Op & Ut. Fêst ûnderdiel fan syn rubryk is altyd it nijs út de natuer, ynbrocht troch ûnder oare harkers. Minsken witte Johan al mear as 40 jier te finen as se in natuernijtsje hawwe.

"Altyd dy telefoan en altyd minsken oan de doar mei in sike do of sa", fertelt dochter Adriëtte. "En ús heit hie der altyd tiid foar, dat fyn ik knap. Mar hiel faak kamen of bellen minsken ûnder iten, wy waarden der soms wol gek fan".

Adriëtte fertelt dit yn it programma Buro de Vries dat dizze snein in reportaazje oer Johan de Jong útstjoert. In samling moaie anekdoaten, bygelyks oer ûlen op de souder fan it Drachtster Lyseum, de natuer yn mei de hiele klasse en fansels in fragmint fan in jonge Johan yn 1984 op de radio.

De folsleine reportaazje is te finen op de side fan Buro de Vries.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)