Doarren út Boalsert foar bussen yn Tokio

27 maaie 2016 - 11:55

De bussen dy't yn 2020 op de Olympyske Spelen yn Tokio rûnride krije doarren út Boalsert. Busdoarrebouwer Ventura hat de prestisieuze opdracht fan Toyota binnenhelle. It giet om tsientallen nagelnije bussen dy't op wetterstof ride. Foar Ventura is de opdracht út Tokio benammen ek in opstapke nei nije opdrachten. Neffens ien fan de direkteuren fan it bedriuw, Jan Lont, soe it benammen yn de jierren nei 2020 ekstra wurk opsmite kinne.

Ventura makket op it stuit goed 12.000 doarren yn it jier en hat njoggentich minsken yn tsjinst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)