Simmerkolleksje Stone Island stellen by Heeren van Rinsma

27 maaie 2016 - 11:33
  • By Rinsma wurd hurd wurke om alles op tiid klear te krijen

By in ynbraak yn kleanwinkel De Heeren van Rinsma oan de Lijnbaan op De Gordyk is yn de nacht fan tongersdei op freed de folsleine simmerkolleksje fan it Italiaanske merk Stone Island stellen. Dat betsjut in skeapost fan 25.000 euro foar de saak, sa seit in wurdfierder.

De dieders hawwe in stien troch in rút smiten. Yn twa minuten tiid namen se de djoere klean mei. Neffens de wurdfierder sit der in profesjonele organisaasje achter de ynbraak, dy't de klean yn opdracht stellen hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)