Rykswettersteat: "Measte autoriders te hurd op rykswegen"

Op rykswegen yn it noarden, wêrûnder de N31 yn Fryslân, rydt fyftich oant tachtich prosint fan de minsken te hurd. Dat docht bliken út ûndersyk fan Rykswettersteat en plysje. Neffens de ynstânsjes soarget dat foar gefaarlike ferkearssituaasjes.
Rykswettersteat, plysje en Iepenbier Ministearje wolle mei-inoar dit rydgedrach oanpakke. Sy jouwe ekstra foarljochting en hâlde ekstra kontrôles. De ûndersikers tinke dat in soad minsken net witte dat de maksimumsnelheid op dy diken 100 kilometer de oere is, omdat dy diken bot lykje op sneldiken.
Aksjes moatte derfoar soargje dat it oantal ekstreme hurdriders mei fyftich prosint nei ûnderen giet.