Natuermonuminten út de skroeven oer hoantsenêst

27 maaie 2016 - 09:54

De hoants briedt yn ien fan de greidefûgelreservaten by Easterein. Yn de jierren fyftich wie de hoants noch in algemiene briedfûgel yn hiel Nederlân en Fryslân. No wurde der allinnich noch mar in pear briedgefallen yn it jier melden. Der binne neffens waarnimmers heechút noch mar inkelde tsientallen hoantsen yn Nederlân.

Boskwachter Sander Veenstra fan Natuurmonuminten is út de skroeven oer de fynst. It giet om in nêst mei mar leafst fjouwer aaien. Hoantsen binne ekstra kwetsber omdat se pas let yn de maaitiid aaien lizze.

In soad boeren binne dan al lang oan it meanen. Hoantsenêsten binne sadwaande allinnich feilich yn reservaten of op oare stikken lân dêr't pas let meand wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)