Drankrider rydt by skutting op op It Hearrenfean

Alkoholkontrôle © ANP
In man (57) fan It Hearrenfean hat tongersdeitejûn proses-ferbaal krigen omdat er mei drank op achter it stjoer siet. De plysje krige in melding dat der op It Hearrenfean ien mei in auto tsjin in skutting oanriden wie. Nei ûndersyk trof de plysje de bestjoerder oan. Hy hie gjin jildich rydbewiis en rûkte nei alkohol.
De Feanster waard oerbrocht nei it plysjeburo. Dêr die bliken dat er tefolle dronken hie. It gie, om krekt te wêzen om 1300 UG/L, wat delkomt op hast trije promille.