Winkels yn Tytsjerksteradiel tenei ek op snein iepen

26 maaie 2016 - 22:52

De gemeente Tytsjerksteradiel krijt keapsneinen. De ried stimde dêr tongersdei mei yn. De partijen wiene swier ferdield oer it ynfieren fan de keapsnein. Trettjin riedsleden stimden foar en tsien wiene tsjin. Winkeliers meie sels in beslút nimme oer hoe faak se iepen binne op snein.

Yn Smellingerlân waard woansdeitejûn noch in foarstel foar it ynfieren fan in keapsnein ôfwiisd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)