Smellingerlân boykot meganisaasjebedriuw De Boer

26 maaie 2016 - 22:15
  • It gebou fan lânboumeganisaasjebedriuw De Boer yn Drachten

De gemeente Smellingerlân keapet in jier lang gjin guod yn by it Drachtster bedriuw De Boer. Dit is neffens de gemeente it gefolch fan de diskriminaasje fan de homoseksuele stazjêr Bas van der Meer, dy't by De Boer staazjerinne woe. It lânboumeganisaasjebedriuw krige fan de rjochter al in boete oplein fan 1.600 euro.

Ek de gemeente wol no konsekwinsjes ferbine oan de diskriminaasje en docht dus in jier lang gjin ynkeapen by De Boer. De boykot giet yn op 1 juny dit jier en duorret oant 1 juny takom jier.

Yn de offisjele stikken fan de gemeente Smellingerlân wurdt it beslút sa ferwurde:
"Uw college heeft aangegeven gevolgen te willen verbinden aan de veroordeling van De Boer wegens discriminatie. De uitspraak is inmiddels onherroepelijk. Het gevolg betreft het afzien van het doen van inkopen bij De Boer voor een bepaalde periode. Voor het bepalen van die periode is gekeken naar de aard van de zaak, de maximale periode van uitsluiting op grond van de Aanbestedingswet en de door de rechter opgelegde straf. In die afweging wordt het proportioneel geacht om voor een periode van een jaar af te zien van het doen van inkopen bij De Boer."

"1. Het college bepaalt, dat voor de periode van een jaar (1 juni 2016 tot 1 juni 2017) geen inkopen worden gedaan bij De Boer. 2. Het besluit wordt door (een lid van het) college mondeling aan De Boer meegedeeld."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)