Mear dakleazen yn it Noarden

26 maaie 2016 - 21:20
  • Dakleaze

It tal minsken dat yn de noardlike provinsjes op strjitte wennet is omheech gien, dat docht bliken út de jierlikse 'daklozenmonitor' fan helpferlieningsynstânsje Zienn. Der binne yn 2015 yn totaal 6% mear minsken holpen as in jier dêrfoar. De stiging komt neffens de organisaasje benammen troch in taname fan it tal minsken dat de nachtopfang yn Ljouwert oandocht. Ek it grutte tal jongeren falt op.

Zienn neamt de stiging by de nachtopfang soarchwekkend. Ek sjogge se hieltyd faker betize minsken by de ferskate opfangplakken. Neffens Zienn hat dit te krijen mei de feroarings yn de soarch. Hieltyd mear minsken moatte harren sels rêde, en net elkenien is dêr klear foar.

Ofname

Op oare plakken is better nijs te melden. Sa rint it tal minsken yn de krisisopfang yn Burgum werom mei sa'n 8 prosint. Dochs warskôget Zienn om de sifers net al tefolle wearde te jaan. "Het aantal aanmeldingen is nog steeds flink hoger dan het aantal mensen dat we op kunnen vangen en ligt zo'n 40% hoger dan vijf jaar geleden!"

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)